Advokaat Van der Goot sjocht kânsen om opslach DNA A7-blokkearders te kearen

26 mrt 2019 - 13:11

Foar de riedkeamer fan de Ljouwerter rjochtbank tsjinnet woansdei achter sletten doarren de beropssaak fan njoggen 'blokkearfriezen' tsjin it opslaan fan harren DNA. Harren advokaat Tjalling van der Goot hat beswier oantekene. Neffens de advokaat kin de ferwurking en opslach fan it selmateriaal oanfochten wurde.

De A7-blokkearders dy't beswier meitsje, binne earder feroardiele ta in taakstraf. It ôfstean fan DNA is it gefolch fan in feroardieling en mei net wegere wurde. "As je net wolle, dan ha je in probleem", seit Van der Goot. "Dan kin de plysje meiwurkje en kinne je sels ûnder twang selmateriaal ôfstean. Dus dêr kinne je neat tsjin ynbringe."

Foto: Camjo Media

Dochs sjocht de advokaat genôch wetlike mooglikheden om beswier te meitsjen. "Je kinne wol wat dwaan tsjin de ferwurking fan dat selmateriaal ta in DNA-profyl en de opslach dêrfan yn de lanlike DNA-databank." Gegevens út dy databank wurde tsientallen jierren bewarre en brûkt foar de opspoaring by takomstige misdriuwen. It blokkearjen fan in bus op de autodyk is op himsels gjin argumint foar it opslaan fan DNA yn in grutte databank, seit Van der Goot.

Baan kwyt

Ien fan de blokkearfriezen lit witte dat er net allinnich mei it ôfstean fan syn DNA, mar ek op oare fronten wrakselet mei de gefolgen fan de feroardieling. De man is syn baan kwytrekke en hy soe ek gjin VOG krije kinne, in saneamde 'Verklaring omtrent gedrag'. Dat makket it wer dreech om in nije baan te finen, want by sollisitaasjes wurdt faak om sa'n VOG frege.

Neffens Van der Goot spilet dit net by de oare acht beswiermakkers.

Advokaat Tjalling van der Goot

De njoggen A7-blokkearders binne feroardiele ta in wurkstraf fan 120 oeren, omdat se op 18 novimber 2017 by De Jouwer op de sneldyk A7 it ferkear tsjinholden. Yn dizze file stiene ek trije bussen mei anty-Swarte-Pyt-demonstranten dy't ûnderweis wiene nei Dokkum foar de yntocht fan Sinteklaas.

(advertinsje)