Ungelok mei meardere auto's soarget foar fertraging by Ljouwert

26 mrt 2019 - 09:56

Op de Groningerstraatweg tusken Hurdegaryp en Ljouwert yn de rjochting fan de Fryske haadstêd hat tiisdeitemoarn in ûngelok west. Meardere auto's wiene hjirby belutsen. It ûngelok op de N355 soarge foar in soad opûnthâld.

Ambulânsepersoniel soe in frou behannele ha. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend. It ferkear koe fia de sutelwei trochride nei Ljouwert, mar moast dêrby rekken hâlde mei in soad fertraging.

Trefwurden: 
ûngelok N355
(advertinsje)
(advertinsje)