Geertje 23 út Boyl is bêste ko fan Nederlân: "Hiel bysûnder"

26 mrt 2019 - 09:37

Ko Geertje 23 wurdt dizze dagen ekstra yn it sintsje set op de pleats fan Jan Atze en Marieke van der Wijk út Boyl. De hast sechstjinjierrige ko waard earder dizze moanne om meardere redenen útroppen ta bêste ko fan Nederlân.

Geertje 23 is foar in ko al frij âld en produsearre yn har libben al mear as 130.000 liter molke. "In hiel bysûndere prestaasje", fynt Jan Atze van der Wijk. "En ek noch mei hege gehalten. Se jout moaie, grouwe molke. Dêrneist is se ek altyd hiel sûn west. Dat spile ek mei by de ferkiezing."

Ferslachjouwer Bauke Deelstra by de bêste ko fan Nederlân

Geertje 23 - Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"We hebben ons zonder verwachtingen opgegeven voor de verkiezing", follet Marieke van der Wijk oan. "Wij vinden het een heel mooie koe, maar goed, het is maar afwachten of de rest er ook zo over denkt. Dan ineens is ze de beste koe van Nederland. Dat vinden we wel heel bijzonder. Bovendien is ze ook nog eens drachtig. Voor de dertiende keer."

Trefwurden: 
ko Boyl Geertje 23
(advertinsje)
(advertinsje)