Kollum: "De seks- en masturbaasjecoach"

26 mrt 2019 - 08:18

"Buorman frege wat ik oan it dwaan wie. Ik stie sûnder shirt achterhûs yn 'e tún, mei in skjirre yn 'e hân. Buorman kaam stadich op my ta. Hy fertroude it saakje foar gjin meter. Ik antwurde dat der trije ûnhuerich lange hierren yn myn boarsttapytsje sieten. Dat de frou dêr maklik in waskkoer fol klean oan ophingje koe. Omdat ik lykwols in bybaantsje as wasklinepeal net sitten seach, wie ik fan doel om dy trije bizar lange hierren fuort te knippen."

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Toan fan Willem Schoorstra

"It nuvere wie dat buorman nei myn útlis noch net echt op it gemak like. Hy frege my ferheard oft ik net in lichemscoach hie om my yn sokke kwestjes te begelieden. Doe wie it myn beurt om ferheard op te sjen. As in echo werhelle ik freegjend it begryp lichemscoach. Buorman knikte. 'Lichemscoaches hâlde alles yn 'e gaten. Lange neilen, smoarge earen, hiergroei op plakken dêr'tst dy net ha wolst, alles. Se coache dy om soks kreas by te hâlden.'

Yn fertroulikens fertelde er my dat syn húshâlding in protte gebrûk makke fan coaches. De frou hie in opromcoach, in kuiercoach en in meditaasjecoach. Sels hie er in loopbaancoach, in ademcoach en in sûnenscoach. 'En wy tinke deroer om tegearre in sekscoach te nimmen,' sei er. 'By einbeslút binne wy al tweintich jier byinoar. It komt ek mei fanwege de geweldige resultaten dy't de masturbaasjecoach by ús Jeffrey hellet.' Doe't er ôfstuts hie ik driuwend ferlet fan in mental coach.

Wat is it yn de wrâld fan hjoed-de-dei dat wy neat mear sûnder coaches kinne, dat wy by it hantsje beethâlden wurde moatte om de simpelste saken foarinoar te krijen? Fan it opfieden fan de bern oan it bealgjen yn de sportskoalle, fan lifestyle coaching oant morele tsjinstferliening en it ophâlden mei smoken. It hat derfan dat wy neat mear sels kinne. Oaren moatte it ús fertelle, oaren moatte doelen formulearje en wy moatte kontrakten tekenje om dy doelen te heljen. Ik fyn dat in soarchlike ûntjouwing. Want wat gebeurt der ast dy doelen net hellest? Fielst dy dan net kloate? Moat der dan in kloatecoach komme om dy dêryn te begelieden?

Miskien dat soks mei karfrijheid te meitsjen hat. Tefolle frijheden kinne stress jaan. En fan stress wurde je ûnwis. As der dan ien by je is dy't seit wat je dwaan moatte, is dat noflik. It kin ek wêze dat wy gewoan lui binne. Te beroerd om sels stappen te setten as wy saken feroarje wolle. Dat wy út maklikheid de beurs lûke en sizze: 'Twing my om aksje te ûndernimmen'.

It soe ek kinne dat it komt troch it ferskynsel dat alles 'leuk' wêze moat. Generaasjes bern wurde grutbrocht mei it kearnbegryp 'leuk'. Problemen en obstakels wurde mei sin út 'e buert fan de bern hâlden, want obstakels binne net 'leuk'. Op dy wize krigest gjin folwoeksenen, mar hiele grutte bern. Dy't ûnmachtich yn de wrâld stean en mei alles holpen wurde moatte.

Sa stie ik wat yn de achtertún te filosofearjen, doe't ik my yn 'e hûd knipte by ien fan de lange hierren. Hie ik ferdomme dochs noch in knipcoach nedich."

(advertinsje)