JSF soarget foar oerlêst yn Noarwegen: "Dêr skrokken wy al fan"

26 mrt 2019 - 07:58

Yn Marsum binne se bot skrokken fan berjochten út Noarwegen. De Noaren wiene wakker wiis mei de komst fan de Joint Strike Fighter (JSF) yn 2017, mar fan dat entûsjasme is net safolle mear oer. De opfolger fan de F16 makket dêr safolle leven, dat der hûndertfyftich huzen ôfbrutsen wurde moatte. Sokke tafrielen wol Marsum foarkomme mei in mjitnet dat it lûd fan Fleanbasis Ljouwert yn kaart bringt.

Fleanbasis Ljouwert - Foto: ANP

Geart Verf fan Pleatslik Belang Marsum: "Dêr skrokken wy al fan"

Tiisdei is der in ynformaasjejûn yn it doarpshûs fan Marsum oer it lûdsmjitnet. Wat stiet der op dizze jûn sintraal? "It is handich dat minsken witte hoe't de webside dêr't it lûdsmjitnet op stiet, wurket", seit Geart Verf fan Pleatslik Belang Marsum en de Commissie Overleg en Voorlichting Milieu (COVM).

"Oars helje minsken der net alles út. It is mear dan in 'speeltje'. It is in essinsjeel ûnderdiel yn de lûdsbeweitsing en ynformaasjefoarsjenning fan de fleanbasis. Dêr ha we de omwenners by nedich en wy wolle harren útlizze hoe't alles wurket."

Lûdsoerlêst yn Noarwegen

Dat de JSF net allinnich positive effekten mei him meibringe kin lykas wurkgelegenheid, witte se yn Noarwegen mar al te goed. De fleanmasine soarget dêr foar in soad lûdsoerlêst. "Dêr skrokken wy al fan, doe't we dat hearden", fertelt Verf.

"Oan de oare kant sizze wy: wat moai dat wy dat lûdsmjitnet ha. Dêr ha se yn Noarwegen noait oan tocht. Dêr wurde no hûndertfyftich huzen ôfbrutsen en tûzen wenningen isolearre. Dat jout wol oan wat foar impact dat lûd ha kin."

"Dêrom moast it goed manage. Dan is der in mooglikheid op in 'en-en'-situaasje. Dat de JSF goed fleane kin, sûnder dat wy in soad lûdsoerlêst krije. De lûdskontoeren lizze fêst. Definsje hat him dêroan ferbûn en hâldt him dêr ek oan. Dat moat goed kontrolearre wurde."

(advertinsje)