Utkomst grut oerlis: Antillianebelied Ljouwert giet op 'e skeppe

26 mrt 2019 - 06:00

It Antillianebelied fan de gemeente Ljouwert giet op 'e skeppe. Dat is de útkomst fan de grutte gearkomste, moandei yn it WTC Expo yn Ljouwert. In goede hûndert belutsenen werûnder Antillianen, soarchferlieners, eksperts en amtners praten dêr oer hoe't Antillianen mei problemen it bêste holpen wurde kinne en hoe't foarkaam wurde kin dat se op it ferkearde paad telâne komme.

Lytse demonstraasje tsjin Antillianebelied fan gemeente Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De bydrage fan Hayo Bootsma oer it Antilianebelied

Kânsleas

Yn in nota oer de feiligens yn de gemeente Ljouwert wurde Antillianen eksplisyt neamd. Der wurdt skreaun oer 'kânsleaze' Antillianen en in ûntmoedigingsbelied om nei Ljouwert te kommen. Yn harren mienskip soe it idee libje dat yn dy stêd maklik wenromte en in útkearing te krijen is. Krekt dizze passaazje soarge foar in soad opskuor, benammen binnen de Antilliaanske mienskip.

Taalles

Boargemaster Ferd Crone kaam oan it slot fan de byienkomst mei it foarstel om de tekst dy't foar sa'n soad opskuor soarge út de feilichheidsnota te heljen. Yn plak dêrfan wol hy de Antillianeproblematyk opnimme yn in apart stik dat giet oer it oplossen fan de problemen dy't der yn dy mienskip binne.

It giet dan om taalles, ynboargering en it foarkommen dat jeugd ôfsakket yn de kriminaliteit. Crone wol dat dwaan yn oparbeidzen mei help fan minsken út de Antilliaanske mienskip sels: "Kijk, de mensen zeggen zelf ook dat er problemen zijn. We moeten die samen benoemen en samen oplossen."

Boargemaster Ferd Crone oer it Antilianebelied

Diskriminearjend

It wie foar Crone net de maklikste middei. Fuort yn it begjin krige er it ferbaal flink foar de kiezzen fan John Leerdam, foarsitter fan stifting OCAN, in belange-organisaasje foar Karybyske Nederlanners. Dy stelde dat it belied sa't it yn de feilichheidsnota stiet, diskriminearjend is. Mocht it belied oannaam wurde, dan sil syn organisaasje Ljouwert foar it Europeeske Hôf fan de Rjochten fan de Minske slepe.

Blokkeargemeente

Leerdam: "Hoe kan een gemeente deze groep de maat nemen als ze zelf de wet overtreden, artikel 1 van de grondwet. Als het beleid niet van tafel gaat, vraag ik het Ministerie van Binnenlandse Zaken dit besluit te vernietigen. Het mag gewoon niet." Hy ferlike de gemeente Ljouwert mei de 'blokkearfriezen'. "De gemeente blokkeert Antillianen om te komen. Maak van Leeuwarden nu geen blokkeergemeente", wie syn oprop.

Crone is it net iens mei de krityk fan Leerdam: "Het gaat om een conceptnota. Er is nog helemaal niets besloten. We willen juist graag weten hoe we de problemen op kunnen lossen." Hy foarsjocht yn de takomst mear problemen.

Krisis

Op it stuit giet it ekonomysk min op de Antillen. Se hawwe dêr bot lêst fan de krisis yn Fenezuela. In soad minsken sitte sûnder wurk en komme nei Nederlân ta. Crone: "Die groep moet je goed ondersteunen en helpen. Anders kunnen mensen afzakken richting criminaliteit. Veel mensen hebben een taalachterstand of andere problemen. Ik wil dan ook samen met de andere zogenaamde Antillengemeenten overleggen wat we kunnen doen om die problemen op te lossen." Crone sjocht dêrby ek nei it ryk. Dat moat jild op it kleed lizze foar de oanpak fan de problemen.

De gearkomste hat ek wat opsmiten, seit Fabiola Kook. Sy is Antilliaanse en hat har bot ferset tsjin it ferhaal fan de gemeente. "Er is een eerste stap gezet naar verbetering. Ik denk zeker dat er geluisterd is, maar er moet nu wel wat gebeuren."

Unbekend

Herdrik Wegter, amtner fan de gemeente Ljouwert dy't him dwaande hâldt mei it Antillianebelied, is it dêrmei iens. Hy fynt dat der folle mear kennis opdien wurde moat oer de groep sels: "We weten eigenlijk vrij weinig over de Antillen. Mijn dochter had een proefwerk aardrijkskunde over Zuid-Amerika en daarin werden de Antillen niet eens genoemd."

Wegter fynt ek dat der rolmodellen komme moatte: "Mensen waaraan jongeren zich kunnen spiegelen. Dat ze zien dat ze wel degelijk iets kunnen bereiken. Die mensen heb ik hier vandaag wel gezien."

Koerswiziging

Dat it belied fan Ljouwert oanpast wurdt, wie yn it foar al wol dúdlik. De PvdA yn de gemeenteried hat al in amindemint klear om de tekst te wizigjen. Genôch partijen hawwe oanjûn dy te stipjen. D66-fraksjefoarsitter Julie Bruijnincx is ek bliid mei de koerswiziging fan Crone: "Ik denk wel dat het een gebaar is. Ik hoop alleen heel erg dat alle mensen die hier vandaag gesproken hebben, helpen bij het uitvoeren van alle problemen. Pas dan ben ik heel erg tevreden."

(advertinsje)
(advertinsje)