CDA wint de slach by Wetterskip Fryslân: Sjoerd Galema wurdt ynformateur

25 mrt 2019 - 22:51

Mei trettjin tsjin tolve stimmen is CDA'er Sjoerd Galema keazen ta ynformateur foar it nije bestjoer fan Wetterskip Fryslân. It CDA wint dêrmei de slach fan Water Natuurlijk dat earder mei stipe fan FNP en PvdA Germ Gerbrandy as ynformateur nei foaren skood hie.

Sjoerd Galema - Foto: Omrop Fryslân

Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk is bot teloarsteld oer dy ôfrin. Se fynt efternei ek dat se it net 'supernetsjes' dien hat. Yn ynformateur Galema, dy't earder ek deputearre wie, hat se eins gjin fertrouwen.

Sjoerd Galema is ûndernimmer en foarsitter fan VNO-NCW Noard. Hy wie yn it ferline ek deputearre foar it CDA en yn dy funksje ferantwurdlik foar wetterbeleid. Dêrnei hie er in bestjoersfunksje by FrieslandCampina.

Tieneke Clevering oer ynformateur Wetterskip Fryslân

(advertinsje)