Sporttalint Sanne Hartman (12): "Myn doel? De Spelen"

25 mrt 2019 - 22:26

Judoka Sanne Hartman (12) fan Seisbierrum is sporttalint 2018 fan de gemeente Waadhoeke wurden. De winneres fan it iepen NK fan 2018 hat har doel dúdlik foar eagen: se wol nei de Olympyske Spelen.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sanne Hartman traint fanatyk om noch folle fierder te kommen as dat se no is. Moandei koe se al fêst in nije trofee yn har prizekast sette: dy fan Sporttalint 2018 fan de gemeente Waadhoeke. Yn dy kategory waard motorkoereur Pieter Tolsma (15) fan Tsjom twadde en fierljepper Wisse Broekstra (14) fan Tsjummearum tredde.

Breedtesport

Neffens wethâlder Caroline de Pee fan sport is Waadhoeke gjin echte topsportgemeente, mar is de breedtesport sterk fertsjintwurdige yn stêd en doarpen. "Dêr sette we ek graach op yn. Boppedat blykt it ek út de grutte diversiteit oan sporten dy't jo by dizze nominaasjes sjogge: fan speedway oant bodybuilde en keatse oant fuotbal, alles wurdt hjir beoefene".

Sporter fan it jier: Allard Hoekstra

Ta sportjeugdploech fan it jier waarden de pupillen fan keatsferiening Sint-Anne útroppen. By de senioaren wiene de tafeltennissers fan FTTC út Frjentsjer de bêsten. Ta seniorsporter fan 2018 waard keatser Allard Hoekstra fan Frjentsjer útroppen, dy't dêrmei stedgenoat en bodybuilder Renzo Boersma efter him liet. Speedwayer Henry van der Steen fan Aldebiltsyl waard tredde.

Reportaazje sportprizen Waadhoeke

De winnende jeugdsportploegen - Foto: Omrop Fryslân, René Koster
(advertinsje)