Sander de Rouwe: 'Forum serieuze gesprekspartner'

25 mrt 2019 - 20:22

It CDA Fryslân slút it Forum voor Democratie net út by de formaasje fan in nij kolleezje. Dat sei CDA'er Sander de Rouwe moandei yn It Polytburo.

Oft dat ek betsjut dat Forum voor Democratie - de twadde partij yn Fryslân - ek echt yn it kolleezje komt, is tige de fraach. Foar De Rouwe is Forum wol in serieuze gesprekspartner, ek al hat der noch net mear as whatsapp-kontakt mei dy partij west.

De politike kaart is aardich feroare nei de provinsjale ferkiezingen fan ferline wike. Nijkommer Forum voor Democratie is de twadde partij wurden, flak achter it CDA. Forum die net mei oan ferkiezingsdebatten en ek net oan de provinsjale ferkiezingskampanje.

Grut wurde is ien, mar grut bliuwe is twa.

Sander de Rouwe

De winst fan Forum kaam net hielendal ûnferwachts, mar dat it sa goed gean soe, hie De Rouwe net ferwachte: "Ik tocht wol trije of fjouwer, mar seis foar Forum hie ik net ferwachte. Mar grut wurde is ien en grut bliuwe is twa. It CDA is grut bleaun. Dat is 'Champions League-polityk' en it is dreger as yn ien kear grut wurde."

It CDA hat acht sitten helle. "Wy witte dat wy in stabile groep achter ús hawwe, Wol is it sa dat wy der by elke ferkiezing wer hieltyd wer hurd foar wurkje moatte."

100% serieuze partner

Forum voor Democratie is in "100% serieuze partner" foar it CDA, seit De Rouwe. "It giet net allinnich om de koälysje, mar ek om de kommende fjouwer jier. Der wurdt in protte oer en net safolle mei Forum praat. Se komme der wol oan en ik sjoch dernei út om mei Forum voor Democratie en de oare partijen gear te wurkjen. Forum is in partij mei in sterke sintrale, lanlike stjoering en sa binne der wol mear."

Yn hiel Fryslân hawwe 40.000 ynwenners op Forum stimd. "Wat wy sjogge is dat Forum kiezers by anty-partijen lykas SP en PVV weihellet. Ek wol in lyts bytsje by ús partij, it CDA. Wy binne in brede folkspartij. As in nije partij opkomt, sit der ek altyd wat CDA yn. Grut bliuwe is hiel dreech en dêr giet it echt om. As CDA gean wy foar de lange termyn en in kear ferlieze heart derby. Wy moatte Forum in earlike kâns jaan. Dan sjogge wy oer fjouwer jier wol wer."

Nij kolleezje

Ynformateur Harry van der Molen is moandei begûn mei de petearen. Hy praat mei alle tolve partijen dy't aanst yn Provinsjale Steaten sitte. Kommende tongersdei wurde de nije steateleden ynstallearre. De Rouwe kensketst de ûnderhannelings as 'wiskunde en skiekunde, rekkenjen en gemy'. De partijen moatte wol mei-inoar hawwe, iepen foarinoar stean en der moat goed kyn útrekkene wurde wat de mooglikheden binne.

(advertinsje)