De Pleats kriget finjet foar bieden passend wurk oan jongeren

25 mrt 2019 - 18:30

Hoe en wêr kin jongeren dy't krekt 'wat oars binne', dochs in goed plak krije? De gemeente Tytsjerksteradiel fynt dat soks it bêste kin by gewoane bedriuwen. Bedriuwen dy't dêr klear foar binne en dy't dêroan meiwurkje, fertsjinje in skouderklopke. Se kinne it 'Meiinoar Meidwaan'-finjet krije.

Floris en Daan, twa bysûndere meiwurkers fan De Pleats - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Restaurant De Pleats yn Burgum krige moandei sa'n finjet út hannen fan wethâlder Gelbrig Hoekstra. Meiinoar Meidwaan is ûnderdiel fan Maatskiplik Ferantwurde Undernimmen. It is bedoeld om jongeren 'dy't oars wurkje en tinke' passend wurk te jaan. By De Pleats wurkje no acht jongeren yn dit ramt. Se krije beglieding fan de oare fyftich meiwurkers fan it bedriuw.

Eelke en Geesje Duursma, de ûndernimmers efter De Pleats, fine it wichtich dat elk syn plak fine kin. Neffens wethâlder Hoekstra is de diversiteit fan it personiel fan De Pleats in moaie ôfspegeling fan wat der as gasten komt. "As gemeente fine we dat moai. Dat wurdearje wy graach mei dit finjet."

Meiinoar Meidwaan De Pleats

(advertinsje)
(advertinsje)