Fryske filmmakker folge jierrenlang de Roemeenske dakleaze Nicu

25 mrt 2019 - 17:50

"Bruce Lee and the Outlaw" is de namme fan de nijste film fan filmmakker Joost Vandebrug fan Frjentsjer. Foar de film hat hy mear as seis jier it dakleaze jonkje Nicu folge, dy't op en ûnder de strjitten fan Boekarest yn Roemenië libbet. "Bruce Lee and the Outlaw" gie ôfrûne sneon yn premjêre op it Movies that Matter festival yn Den Haach.

PETEAR FH Bruce Lee and the Outlaw

Bruce Lee neamt himsels de 'Kening fan de ûnderwrâld' fan Boekarest. Hy is krimineel, drugsdealer, mar soarget ek foar strjitbern. Hy wie earder sels ek in weesbern yn de tiid fan Ceausescu. As folwoeksene wennet er yn de tunnels ûnder de stêd en ûntfermet him oer in binde drugsferslave bern. Hy jout se iten en drugs.

Bruce Lee en Nicu - Foto: Byld út de film

Bern fiele harren feilich by him. Sa ek Nicu, in dakleaze jonge, dy't al jierren ûnder de hoede fan Bruce Lee libbet. En dat Nicu noch libbet, is neffens Joost Vandebrug te tankjen oan Bruce Lee. Mar Nicu freget him ek ôf oft Bruce Lee wol in goede 'heit' foar him is. Hy moet kieze oft er by de binde fan Bruce bliuwt of dat er 'normaal' boppe de grûn libje sil.

Oan it begjin fan de film is Nicu 12 jier, oan de ein is er 18.

Positive reaksjes

De reaksjes op de film binne posityf, hy makket yndruk op filmfestivals. Hy hat al yn Sheffield, Warschau, Zagreb en Súd-Koreä west. Yn dat lêste lân krige de film sels de priis foar Best World Documentary.

By tal festivals hat Joost Vandebrug sels ek west. Nei ôfrin koe it publyk him fragen stelle. No wol er ek nei Amearika mei syn film.

Foundation

Joost Vandebrug (Harns, 1982) hat in foundation oprjochte. Alle opbringsten fan de film stjoert hy nei dy foundation. Op de webside is mear ynformaasje te finen en kinne minsken donearje.

Foto: www.joostvandebrug.com

EO/IKON hat de film oankocht en sil de film meikoarten yn april útstjoere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)