Sportoersjoch: Epke falt fan rekstôk

25 mrt 2019 - 17:50

Alle moandeis sjogge we yn Fryslân Hjoed werom op de Fryske sportprestaasjes fan it ôfrûne wykein. Sportferslachjouwer Roelof de Vries skoot oan.

Epke Zonderland wie dit wykein yn Katar, dêr't er fjouwer moannen lyn foar de tredde kear wrâldkampioen waard. Mar dit kear wie er minder suksesfol.

De iishockeyers fan de Flyers steane yn de finale fan de BeNe League, yn in best of five searje tsjin it Belgyske Herentals. Beide ploegen binne oan mekoar weage.

De basketballers fan Aris levere ferline wike noch in wanprestaasje troch te ferliezen fan Den Helder. Snein moasten se tsjin de regearjend lânskampioen Donar út Grins.

De kuorballers fan LDODK wolle de play offs te helje, dus moasten se winne fan Papendrecht.

En de kampioenspoule foar de folleybalsters fan Snits is hast dien.

Hurdfytser Wim Stroetinga wûn yn Manchester.

En we meitsje fansels bekend wat de wedstriid fan 'e wike wurdt.

(advertinsje)