Crone wol Antillianen meiprate litte oer oplossing problemen

25 mrt 2019 - 17:46

De Antilliaanske mienskip yn Ljouwert moat mear belutsen wurde by de oplossing fan de problemen binnen de Antilliaanske mienskip. Dat seit boargemaster Crone fan Ljouwert nei it petear fan moandei oer it Antillianebelied. In rolmodel soe sjen litte kinne dat it wol goed gean kin.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Binnen de Antilliaanske mienskip yn Ljouwert binne problemen. Sawat 7 prosint is op it ferkearde paad en dat is boppegemiddeld. Dêr wol de gemeente Ljouwert wat oan dwaan en de Antilliaanske mienskip ek by belûke.

Der wie diskusje ûntstien oer de Antillianen nei publikaasje fan de Feilichheidsmonitor 2019-2023 fan de gemeente Ljouwert. Der soe sprake wêze fan kânsleaze Antillianen en de groep soe ûntmoedige wurde moatte nei Ljouwert te kommen. Tusken de middei wie der in lytse protestdemonstraasje fan Antillianen yn it sintrum fan Ljouwert.

John Leerdam, foarsitter fan de stichting Overlegorgaan Caribische Nederlanders (Ocan) en sels ek Antilliaan, luts fûl fan lear tsjin de toan fan gemeente yn it rapport. It ûntmoedigingsbelied soe diskriminearjend wêze. Hy tinkt deroer om Ljouwert foar it Europeeske Hôf fan de Rjochten fan de Minske te daagjen.

Boargemaster Crone seit dat dizze monitor in konsept en gjin beslút is. It is gjin offisjeel belied dat no fêstleit. Ljouwert is no noch dwaande mei it betinken en it opsetten fan in nota. Crone wol net fêstpind wurde op formulearringen lykas 'kânsleazen'. Better is it te sjen nei it boadskip wat derachter sit.

Crone wol njonken de feilichheidsmonitor in twadde nota meitsje, in soart nota sosjaal belied. It stik oer de Antillianen soe derút helje wurden moatte. Dan is de diskusje der ek út en kin folle doelgerjochter te wurk gien wurde, ek op oare doelgroepen dy't de kriminaliteit yn driigje te fallen. Dus beneame en sa de problemen oplosse.

Ferslachjouwer Hayo Bootsma oer hoe't it petear oer it Antillianebelied ferrûn is

(Advertinsje)
(Advertinsje)