Wedstriid fan de Wike: Roelof Thijs Bokaal by iispeedway

Foar de 'Wedstriid fan de Wike' dûke we oankommend wykein wer de iishal yn. Der stean freed, sneon en snein nammentlik in pear bysûndere wedstriden op it programma foar de Fryske iisspeedwayers. Sneon en snein wurdt op Thialf riden om it wrâldkampioenskip, freed is de Roelof Thijs Bokaal.
Der dogge twa Friezen mei oan de Roelof Thijs Bokaal, nammentlik Simon Reitsma en Jimmy Tuinstra. Mei-inoar dogge der mar leafst 24 iisspeedwayers mei út ferskate lannen. "It is wol in bysûndere wedstriid, want dit is de iennige wêrby't der in knock-out-systeem is. Uteinlik, nei 23 heats, bliuwe der fjouwer oer, dy't de finale ride", fertelt sportferslachjouwer Andor Faber. De Roelof Thijs Bokaal begjint freed om 18.30 oere. Sneon is by Omrop Fryslân in reportaazje te sjen.
Sneon en snein wurde dan de finales riden fan it wrâldkampioenskip. Dêr is Tuinstra de iennige Fries dy't yn aksje komt.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.