NS wol prate oer halte by Thialf by grutte eveneminten

25 mrt 2019 - 17:09

It iepenbier ferfier nei iisstadion Thialf op It Hearrenfean is de ferantwurdlikheid fan de provinsje. Dat seit steatssiktaris Van Veldhoven fan ynfrakstruktuer yn antwurd op keamerfragen oer de berikberheid fan it stadion.

It stasjon fan It Hearrenfean Thialf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Keamerlid Gijs van Dijk fan de PvdA woe witte wêrom't de treinhalte by Thialf net mear brûkt wurdt as dêr eveneminten binne. Neffens de steatssiktaris is dat omdat der hieltyd minder reizgers wienen dy't dêr útstapten.

No wurdt by eveneminten yn de iishal foar bussen soarge fan it sintrale treinstasjon fan It Hearrenfean ôf. Dêryn is ek romte foar minderfaliden, seit de steatssiktaris. De PvdA yn de Twadde Keamer woe ek witte oft der foar dy groep genôch regele is.

NS yn petear mei gemeente en provinsje

Deputearre Johannes Kramer sei earder al yn in gearkomste fan Provinsjale Steaten dat it 10.000 euro deis kostet as de trein tusken Ljouwert en Zwolle stilstiet by iisstadion Thialf. Earder hat de gemeente Hearrenfean oanjûn dat it winsklik is dat de treinen wer stil steane by Thialf, mar dat is fanwege de kosten foarearst gjin opsje.

Neffens de steatssiktaris wol de NS eventueel wol yn petear mei de gemeente en de provinsje om te praten oer in bettere berikberheid fan Thialf by reedrydwedstriden.

(advertinsje)