Lêste edysje fan de NachtSwalkerstocht

25 mrt 2019 - 17:06

De NachtSwalkerstocht is dit jier foar it lêst. Seis jier lang waard it evenemint hâlden yn de omkriten fan Aldhoarne en Aldeberkeap. By dizze sânde edysje krije de kuierders noch mear hapkes, drankjes en keunst, livemuzyk en dûns ûnderweis.

Foto: doelgerichtwandelen.nl

Organisator Gretha de Vries hâldt der nei dit jier mei op. "Ik bin ta oan wat nijs, it hat moai west. Ik ha it altyd mei in soad entûsjasme dien."

Nei it rinnen fan de Kennedymars ûntstie it idee om ek in kuiertocht te organisearjen. "Yn it earste jier wienen der 300 minsken, dus dat wie wol in sukses en it smakke nei mear. Ferline jier hienen we 800 dielnimmers en dat is ek it maksimum."

Wat makket de tocht sa bysûnder?

"We begjinne mei deiljocht en rinne dan troch natuer. Dan komt de skimer en dan sjochst de mearke-achtige ljochtshows lykas ferljochte beammen. Minsken fine dat moai. En it is ien grutte famylje, de tocht is tagonklik foar in soad minsken. We slute dit jier ôf mei oranjekoeke."

Op de webside doelgerichtwandelen kinne minsken har oanmelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)