Man rydt hast twa kear sa hurd as tastien en is ûnder ynfloed fan drugs

25 mrt 2019 - 16:59

Op de Bûtlanswei tusken Jirnsum en Sibrandabuorren is moandeitemoarn in 24-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean syn rydbewiis kwytrekke. Hy moast it papierke ynleverje by de plysje nei't er 111 kilometer yn 'e oere riden hie, dêr't 60 kilometer it maksimum is.

Foto: ANP Foto

Doe't de plysje de man kontrolearre, die bliken dat er ûnder ynfloed fan kokaïne en THC wie. Dat lêste is de wurksume stof yn kannabis. Op it plysjeburo fan Snits hat in GGD-dokter bloed ôfnaam by de man. De plysje hat proses-ferbaal opmakke foar te hurd riden en riden ûnder ynfloed fan drugs.

Trefwurden: 
plysje drugs hurdrider
(advertinsje)
(advertinsje)