Fryske Kadoboek 'Rosmos' is sukses; oplage fan 1.000 stiks is op

It kadoboek Rosmos, in spesjale útjefte foar de Moanne fan it Fryske Boek, is útferkocht. "Utferkocht is miskien wat in nuvere oantsjutting yn dit gefal omdat it om in kadootsje giet", sa leit Ernst Bruinsma fan Boeken fan Fryslân út.
© Afûk
"It betsjut feitlik dat wy net mear nije foarried oan de boekhannels leverje kinne, se binne skjin op. Guon boekhannels hawwe lykwols noch wat winkelfoarried dus wa't noch in eksimplaar hawwe wol, moat der by wêze want op is dus ek echt op."
Rosmos, op fersyk fan Boeken fan Fryslân skreaun troch Willem Schoorstra foar de Moanne fan it Fryske boek, ferskynde by útjouwerij Het Nieuwe Kanaal yn in oplage fan 1.000 eksimplaren. Foar de Fryske merk is dat in grutte oplage. "As dy dan ek noch yn in moanne fuort is, dan kin ik net oars as sizze dat it in suksesfolle aksje west hat."
It kadoboek wie de hiele moanne maart fergees te krijen by oankeap fan 12,50 euro oan Fryske boeken.
Boeken fan Fryslân is in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten.