HEA! Wa steane der op de portretten fan De Schiffart?

25 mrt 2019 - 16:35

Tritich jongeskopkes fan in jier of 15. Wiebe de Schiffart tekene se yn de jierren '50 en '60 op de ambachtsskoalle yn Dokkum. Hy wie learaar op de skoalle en syn learlingen stiene model. Soan Sipke de Schiffart fûn de portretten op souder. Hy wol de tekeningen graach oan de portrettearren jaan.

(advertinsje)