'Noard-Nederlân moat yn 2030 Europeesk koprinner klimaatambysje wêze'

25 mrt 2019 - 16:34

Noard-Nederlân moat yn 2030 koprinner op it mêd fan klimaatambysje fan Europa wêze. Dat seit ûndernimmersferiening VNO-NCW MKB Noard moandei yn in manifest oan de trije noardlike provinsjes.

Foto: Omrop Fryslân

"Noord-Nederland was en is de nummer 1 energieregio van het land. De vraag die voor ligt, is hoe we ervoor zorgen dat het Noorden ook na de transitie van fossiel naar duurzaam nog steeds in de lead is. In het Noorden zijn zeker 20.000 banen verbonden met de energiebranche" sa seit direkteur Ton Schroor fan it ûndernimmersferiening.

Seis wichtige tema's

De klimaatambysje is ien fan de seis tema's wêrfan't it VNO-NCW fynt dat de noardlike provinsjes derop ynsette moatte yn de kommende jierren. Oare tema's binne ynfrastruktuer, ûnderwiis en arbeidsmerk, fitaliteit, digitalisearring en ûndernimmerskip. "Arbeidsmarkt en infrastructuur zijn voor ons no-brainers, dat moet op orde zijn", skriuwt Schroor yn it manifest. "Wij zien juist op deze onderwerpen nog stevige uitdagingen! Daar moeten we, in samenwerking met de provincies, nu echt wat aan gaan doen."

Gearwurkje yn it Noarden

Op it gebiet fan gearwurking kinne de trije noardlike provinsjes noch in ynhelslach meitsje, tinkt Schroor: "Als we koploper willen worden op het gebied van klimaatambitie moeten we onze krachten bundelen. Kennis delen, samenwerken, massa maken op groene chemie, circulaire economie, waterstof, groen gas, CO2-reductie. Niet meer als provincie, maar gezamenlijk als het Noorden."

Sjoch hjir it folsleine manifest dat de ûndernimmersferiening oanbean hat.

Ton Schroor, VNO-NCW MKB Noard

Trefwurden: 
klimaat VNO-NCW MKB 2030
(advertinsje)