Leden fan ANWB fine ferkearsfeilichheid it belangrykst

25 mrt 2019 - 16:27

ANWB-leden yn de provinsje Fryslân fine ferkearsfeiligens it wichtichste tema foar de oankommende Steateperioade. Dat docht bliken út ûndersyk fan de ANWB sels. Sa wol in mearderheid fan de minsken yn it ûndersyk dat diken feiliger wurde en dat der stranger hanthavene wurdt yn it ferkear.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

De ANWB, mei 4,5 miljoen leden, hat it ûndersyk útfiere litten omdat se it wichtich fine om te witten hokker tema's by har leden spylje.

"Net inkeld yn Fryslân, mar oeral kaam ferkearsfeiligens op it earste plak", fertelt Eric Neef, regiomanager Fryslân fan de ANWB.

Yn it ûndersyk binne fjouwer tema's oan bod kommen: ferkearsfeilichheid, berikberheid en ynfrastruktuer, fyts, en as lêste romte foar rekreaasje en toerisme.

It ûndersyk is moandei oanbean oan de politike partijen. De ANWB wol dat partijen der rekken mei hâlde yn de besprekkingen fan it nije koälysje-akkoart.

"Yn Fryslân bart al in soad, dus it is moai as de provinsje dat trochset en der noch in skepke boppe-op docht."

Trefwurden: 
ANWB ferkearsfeilichheid
(Advertinsje)
(Advertinsje)