Op=Op Voordeelshop sit finansjeel yn swier waar
It fallisemint foar de winkels fan Op=Op Voordeelshop driget. It personiel hat moandei te hearren krigen dat de organisaasje yn swier waar sit. Yn Fryslân giet it om sân winkels. Yn 2017 naam it konsern noch 31 winkels oer fan Blokker.
It plan wie doe noch om te groeien nei sa'n 300 winkels yn hiel Nederlân. By Op=Op Voordeelshops wurkje sa'n 1.000 minsken. Tsien Op=Op winkels binne saneamde franchises. Dy falle miskien bûten it fallisemint.
Yn Fryslân binne sân winkels dy't de Op=Op-formule fiere, te witten yn Ljouwert, Drachten, It Hearrenfean, De Jouwer, Surhústerfean, Snits en Dokkum.