Optocht op sokken freget omtinken foar depresjes ûnder jongerein

25 mrt 2019 - 14:56

Om depresje ûnder jongerein besprekber te meitsjen komt in saneamde 'Helden Op Sokken-loop'. Dy tocht is kommende tongersdei yn Ljouwert en wurdt organisearre troch studinten fan de Academie voor Popcultuur út de stêd. Dielnimmers wurdt frege harren skuon út te dwaan en op sokken mei te rinnen.

Foto: Sad Socks

"We nodigen iedereen uit om je schoenen uit te trekken en op sokken met ons mee te lopen en met elkaar het gesprek aan te gaan", sa seit Janneke Oevering fan Sad Socks. "Hierdoor kun je laten zien dat je jezelf kwetsbaar op durft te stellen en je support toont voor het bespreekbaar maken van mentale gezondheid."

Psychyske problemen noch faak taboe

De studinten organisearje de tocht om't se it raar fine dat der noch hieltyd in taboe hearsket om te praten oer psychyske problemen by jongerein. Sa'n trije oant acht persint fan de jongerein yn Nederlân hat te krijen mei in depresje. It giet dan om 30.000 oant 80.000 minsken.

Mei de tocht hoopje de studinten te berikken dat jongerein sjogge dat it folslein normaal is om net altyd oan it perfekte plaatsje te foldwaan. Ek wolle se jongerein stimulearje om mear te praten oer harren emoasjes en gefoelens.

De 'Helden Op Sokken-Loop' begjint om 14:00 oere op it Stasjonsplein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)