Theo Hiddema sjocht ôf fan sit yn Provinsjale Steaten foar FvD

25 mrt 2019 - 14:41

Twadde Keamerlid Theo Hiddema fan Forum voor Democratie wurdt gjin lid fan de Provinsjale Steaten. De yn Holwert berne Fries waard by de ferkiezingen fan ferline wike yn Fryslân en yn Limburch, dêr't er wennet, mei foarkarsstimmen keazen, mar hy hat besletten om fan beide sitten ôf te sjen.

Foto: ANP

Hiddema wie listtriuwer foar de partij yn beide provinsjes. Hy seit dat er foar in grut dilemma stie. "Het was een heksentoer om een keuze te maken. Ik ben aan beide provincies verslingerd. Mijn Friese genen zijn springlevend, maar anderzijds heb ik mijn kloppende menselijke hart en mijn vrolijke inborst te danken aan de beeldschone stad Maastricht", liet de advokaat en politikus witte.

Kiezersbedroch?

Hy sjocht it net as kiezersbedroch. "Ik heb tijdens de campagne veel kiezers gesproken. Ik heb ze toen verteld wat het lijstduwerschap voor mij inhield en dat de kans klein was dat ik een zetel zou innemen."

Hiddema (rjochts) by de FvD-byienkomst yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
(advertinsje)
(advertinsje)