Ynformateur Harry van der Molen los mei earste koälysjepetearen

25 mrt 2019 - 14:12

Ynformateur Harry van de Molen hat moandei de earste petearen fierd om te kommen ta in nije koälysje yn Provinsjale Steaten. It earste oriïntaasjepetear sette útein mei Romke de Jong en Bea Bijlsma fan D66. Letter moandei en woansdei folgje de oare alve listlûkers.

Foto: provinsje Fryslân

Yn dizze earste petearen giet Van der Molen nei wat foar kombinaasje in deeglike koälysje opsmite kin. De ôfrûne fjouwer jier bestie de koälysje út CDA, FNP, SP en VVD. Dy kombinaasje hat nei de ferkiezings fan ôfrûne woansdei gjin mearderheid mear.

It CDA is de grutste partij bleaun. CDA-listlûker Sander de Rouwe hat Van der Molen ôfrûne freed frege om as ynformateur oan it wurk te gean. Van der Molen is Twadde Keamerlid foar it CDA.

(advertinsje)
(advertinsje)