Mear froulju yn Provinsjale Steaten tanksij foarkarstimmen

25 mrt 2019 - 13:36

Trije kandidaten binne mei foarkarstimmen yn Provinsjale Steaten keazen. Dat waard moandeitemoarn dúdlik by it fêststellen fan de definitive ferkiezingsútslach yn Ljouwert. It giet om SP'er Hanneke Goede út Snits, om Twadde Keamerlid Theo Hiddema fan Forum voor Democratie en om Grite Wymenga-Kooistra út Drachten, de nûmer 9 op de list fan Forum. Troch de foarkarstimmen foar Hanneke Goede en Grite Wymenga komt it oantal froulju yn de nije Provinsjale Steaten út op 16 fan de 43. Dat is likefolle as yn de ôfrûne perioade.

De útslach kaam foar Grite Wymenga fan Forum voor Democratie as in grutte ferrassing, want se hat gjin aksjefierd foar foarkarstimmen. "Ik bin oerdondere", seit se der sels oer. Wymenga seit dat se de útspraak fan de kiezers 'bysûnder serieus' nimme wol en is dêrom fan doel om - yn oerlis mei har fraksjegenoaten - wol har steatesit yn te nimmen.

Steatelid Wymenga-Kooistra (FvD) stelt harsels foar

Forum voor Democratie wie as iennichste partij oanwêzich by it fêststellen fan de útslach - Foto: Omrop Fryslân

Oft Twadde Keamerlid en âld-Holwerter Theo Hiddema syn sit yn Provinsjale Steaten ek ynnimme sil, is noch net bekend. Hiddema wennet yn Maastricht. Hy kin allinnich Steatelid yn Fryslân wurde as er foar tongersdei nei Fryslân ferhûzet.

Yn tsjinstelling ta buorprovinsjes as Flevolân en Noard-Hollân ferwachtet Forum voor Democratie yn Fryslân gjin problemen mei it besetten fan alle sitten yn Provinsjale Steaten.

(advertinsje)
(advertinsje)