Earste bewenners pakke ferhúsdoazen út yn nije wente De Peinder Mieden
Se ha der lang op wachtsje moatten, mar de earste bewenners fan De Peinder Mieden pakke dizze wike de ferhûsdoazen út yn harren nije wente. It giet om de famylje Van Staveren. Cor en Marianne van Staveren komme oan it Peinder Kanaal te wenjen.
Cor en Marianne van Staveren binne eufoarysk dat se einliks te plak sitte. Alle dagen pakke se in doaze út en ferhûzje sa stadichoan út Warten wei nei it nije wenplak. Harren hûs bestiet foar in grut part út glês. Opfallend is dat it ûntwerp fan harren nije hûs tekene is troch de jongste soan fan it stel, Sander Veenstra.
It nijbouplan yn De Pein krijt stadichoan hieltyd mear foarm. De earste hûzen binne yntusken klear. Mei-inoar sille yn it gebiet oan de râne fan De Pein 38 wenningen boud wurde. Yn 2020 moatte alle huzen der stean, sa is it doel. De bewenners sille sels foar it grien- en natuerbehear fan de wyk soargje.
Earder seagen wy alris hoe fier't it wie mei de bou fan de nijbouwyk yn De Pein.