Hantsjefol minsken komt nei demonstraasje tsjin Antillianebelied Ljouwert

25 mrt 2019 - 12:16

In hantsjefol minsken hat moandeitemoarn har lûd hearre litten by de demonstraasje tsjin it saneamde Antillianebelied fan de gemeente Ljouwert. De demonstranten rûnen fan it stasjon nei it WTC yn Ljouwert, dêr't moandeitemiddei in spesjale gearkomste hâlden wurdt om te praten oer de problemen yn de Antilliaanske mienskip.

Demonstraasje tsjin Antillianebelied Ljouwert

Yn de feilichheidsmonitor 2019-2023 skriuwt de gemeente dat der in 'Antillianeprobleem' is yn de stêd. Neffens Joyce Toscanini, inisjatyfnimmer fan de demonstraasje, makket de gemeente him dêrmei skuldich oan 'etnysk profilearjen', dat yn striid is mei de rjochten fan de minske.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

John Leerdam, foarsitter fan de stichting Ocan, fynt it wichtich dat ek de Antilliaanske mienskip fertsjintwurdige is by de spesjale gearkomste. "Het gaat om 7 procent van de Antillianen in Nederland die problemen veroorzaakt. Het kan niet zo zijn dat we deze problemen niet kunnen tackelen. Als gemeenschap moeten we zelf een handreiking geven aan welke gemeente dan ook om de problemen samen op te lossen."

Hayo Bootsma by de demonstraasje

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)