Eigener Buma State kin net wachtsje: "Vergunningsaanvraag ligt al maanden bij de gemeente"

25 mrt 2019 - 12:15

Martin Matser, de eigener fan de fertutearze pleats Buma State njonken it Van der Valk hotel yn Ljouwert, kin net wachtsje oant hy mei de renovaasje begjinne kin. Neffens him leit de oanfraach foar de omjouwingsfergunning, dy't nedich is foar de renovaasje, al moannen by de gemeente Ljouwert.

Buma State

Earder wiene der just riedsfragen steld oer de fertutearze pleats troch de fraksje fan PALGrienLinks. "De verwachting is dat het eerder weken dan maanden gaat duren," sa seit eigener Martin Matser.

Skuorre moat sloopt wurde

Doe't Matser de pleats yn besit krige, hie hy it idee dat hy de pleats sûnder fergunning restaurearje koe. It die letter bliken dat der dochs in fergunning nedich wie. "Die hebben we in september vorig jaar ingediend. Op dit moment liggen de tekeningen ter visie op het gemeentehuis."

Foto: Erfgoedvereniging Heemschut

It is de bedoeling dat de pleats hielendal restaurearre wurdt. Allinnich foar de skuorre is dat gjin opsje. Dy stiet op ynstoarten om't er te ferrotte is. Dêrom soe dy sloopt wurde moatte en op 'e nij opboud wurde.

Gefaar foar boartsjende bern

Ofrûne wike binne der wol dakpannen fan it dak fan de skuorre fuorthelle. Dat is dien yn ferbân mei de feiligens: "Zo'n leegstaande boerderij heeft een grote aantrekkingskracht op de jeugd. Maar de schuur staat op instorten, en dan is het gevaarlijk als daar kinderen spelen. Daarom hebben we vorige week de dakpannen eraf gehaald. Het is de bedoeling dat die straks bij de restauratie gewoon gebruikt worden."

Nei de ferbouwing moat de funksje fan de pleats in kombinaasje wêze fan in bedriuwswente en sliepplak. Gasten fan it Van der Valk hotel kinne der dan ek gebrûk fan meitsje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)