'Kijk op Fryslân' bringt Frysk nijs op lanlike telefyzje

25 mrt 2019 - 12:00

Trije regionale omroppen, wêrûnder Omrop Fryslân, en de NPO begjinne op 1 april mei in proef mei in regioblok. Dêrby is yn harren regio in fiif minuten duorjend regiosjoernaal te sjen op NPO 2. Nei it NOS Journaal fan 18.00 oere sil yn Fryslân 'Kijk op Fryslân' op wurkdagen te sjen wêze.

Foto: Omrop Fryslân

It wurdt in programma mei regionaal nijs út Fryslân, makke troch Omrop Fryslân. Dêrmei is in koart oersjoch fan it Fryske nijs ek op de lanlike stjoerder te sjen.

Mei de regiofinsters bringe we regionale sjoernalistyk noch tichter by in grutter publyk. Yn 'Kijk op Fryslân' is yn Fryslân in koarte ferzje te sjen fan it Fryske nijs. Mear nijs en eftergrûnen binne te sjen yn it programma Fryslân Hjoed, op telefyzje by Omrop Fryslân.

"We komme hjirmei foaroan mei it zappen", leit einredakteur nijs by Omrop Fryslân út. "By guon sitte we op kanaal 502 en dêr komst mei it zappen net sa gau del fansels." Neffens him is der ferlet fan. "Ut ûndersyk hat bliken dien dat 75 prosint ynteresse hat yn regionaal nijs. En miskien kinne we sjoggers sa ferliede om ek nei Omrop Fryslân te sjen."

Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân is de pilot foarearst allinnich te sjen by minsken dy't Ziggo of Kabel Noord hawwe. Sjoggers fan oare distributeurs krije op dat momint in gearfetting fan al it regionijs út it hiele lân te sjen.

Neist Omrop Fryslân dogge ek Omroep Gelderland en RTV Rijnmond mei oan de proef. It giet om in gearwurking tusken NPO, RPO en in tal kabelmaatskippijen.

Evaluaasje

Nei trije moanne wurdt de proef evaluearre. Om te sjen oft de proef in sukses is, wurdt sjoen nei it berik, de ynhâldlike kwaliteit en de wurdearring fan de útstjoeringen. Ek wurdt sjoen nei de technyske helberheid en wat finansjeel nedich is. Ek de miening fan de sjogger wurdt frege.

Fan wa komt it inisjatyf?

Al ûnder it twadde kabinet-Rutte is oer it plan foar regiofinsters praat en is in foarstel oan doetiidske steatssekretaris Sander Dekker stjoerd. De winsk om ta regiofinsters te kommen is ek opnaam yn it regearakkoart fan dit kabinet. It ryk betellet de proef ek.

(advertinsje)
(advertinsje)