Kening Willem-Alexander iepenet Koningsspelen op De Lemmer

25 mrt 2019 - 10:29

Kening Willem-Alexander sil dit jier de Koningsspelen iepenje op De Lemmer. Basisskoalle De Arke krijt freed 12 april keninklike besite. De kening sil by it moarnsbrochje oanskowe en jout dêrnei it startskot foar ferskate sportaktiviteiten. Ek minister Bruno Bruins is by de iepening op De Lemmer.

"It wie ien grut feest fan 'e moarn", fertelt Sietske de Jong, direkteur fan basisskoalle De Arke. "Om tsien oere krigen we goedkarring fan de RVD dat we it de bern fertelle koenen. Doe is yn alle lokalen it digiboerd oangien en seagen de bern in filmke dat we mei de projektliedster opnommen hienen. Se fertelde dat de kening by ús de Koningsspelen iepenje sil. Dêrnei wie it allegear roppen en dûnsjen. It wie prachtich en ontroerend."

Foto: ANP Foto

De Jong leit út hoe't de kar op harren skoalle fallen is. "It tema dit jier is wetter. Earst binne skoallen oan it wetter útsocht. Der bleaunen tsien skoallen oer. Dêrfan ha se de websiden besjoen en skoallen besocht, dêr ha ik neat fan fernommen trouwens. Doe bleaunen fiif oer, dy binne foarlein oan it pear en sy ha dus ús skoalle útkeazen. We binne supergrutsk en hiel fereare."

Grut geheim

It beslút moast lykwols noch efkes geheim hâlden wurde. De Jong: "De woansdeis foar de krystfakânsje waard ik belle en hearde ik dat de kening nei Fryslân komme woe. Ik moast der al even oer neitinke en mei it managementteam oerlizze. Der komt wol in soad op je ôf, lykas it Kinderen voor Kinderen-koar en it Jeugdjournaal. Mar we seinen dat we dit de bern net ûnthâlde woenen."

It hat al sûnt jannewaris drok west, mei besites en oerlizzen mei allerhanne ynstânsjes, lykas boargemaster en plysje. "Ek minsken fan de redaksje fan it Jeugdjournaal ha west." Al dy tiid moast de direkteur it geheim hâlde. "Dat wie wol lestich, mar moarn krije we it finjet sûne skoalle en dêrfoar komt Rintje Ritsma del. Dus ik ha hieltyd sein dat alle drokte dêrmei te krijen hie."

De sânde edysje fan de Koningsspelen stiet dit jier yn it ramt fan 'wetter drinke'. Fandêr dat der foar in skoalle yn in wetterryk gebiet keazen is. Basisskoalle De Arke hat 420 learlingen, 17 groepen en 40 teamleden. Ek dit jier dogge der sa'n 1,2 miljoen learlingen fan mear as 6.000 skoallen mei oan de Koningsspelen.

(advertinsje)