Rydbewiis en auto kwyt nei kontrôles troch de plysje
In 25-jierrige Ljouwerter moat it de kommende tiid dwaan sûnder syn auto. De auto waard snein troch de plysje yn beslach naam, nei't de man foar de tredde kear op rige oanhâlden waard foar it riden sûnder rydbewiis. De Ljouwerter waard sneintemiddei op de Troelstrawei yn syn wenplak oan de kant set. Hy krige boppedat in boete.
In 20-jierrige bestjoerder út Winsum rekke syn rydbewiis kwyt. Hy moast it papierke ynleverje by de plysje nei't er mei hast 150 kilometer yn 'e oere oer de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert ried, dêr't 80 kilometer it maksimum is. Ek dizze bestjoerder krige in bon mei nei hûs.