Unike ielaak klear foar grutte reis fan Heech nei Londen

25 mrt 2019 - 09:51

De minsken fan ielaak Korneliske Ykes II út Heech binne op dit stuit drok dwaande mei de tariedings op de reis dy't se yn juny nei Londen meitsje sille. It skip is hielendal neisjoen en hat nije navigaasjeapparatuer oan board krigen, sadat se it de drokke Noardsee feilich oerstekke kinne.

Gewoanwei fart de Korneliske Ykes II benammen op it binnenwetter. It skip sil ein juny fan de thúshaven Heech nei Londen farre. Dêr is dan it Europeeske Kongres foar duorsume iel en de Kornelis Ykes is dan it flaggeskip. It komt op in prominint plak yn Londen te lizzen om sjen te litten hoe't de iel eartiids fan Fryslân nei Ingelân brocht waard.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Johannes Hobma leit út hoe't it plan foar de reis ûntstien is. "De Korneliske Ykes II is in reproduksje fan in orizjinele ielaak. Wy binne útnûge omdat wy in hiel unyk skipke hawwe. Der is mar ien fan op de hiele wrâld."

Johannes Hobma oer de skiednis fan de ielaak

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Mei frijwilligers wurdt it skip ûnderhâlden. De bemanning krijt no trainingen, sadat se aanst ek de see op meie. Dêrmei wurdt der in nij haadstik oan de skiednis taheakke. Hobma: "Der hat wol 400 jier ielhannel west fan Fryslân nei Ingelân. Yn de neisimmer en de winter waard der in hiel soad iel ferkocht nei Londen ta. Mei 20.000 pûn libbene iel fearen Friezen nei Ingelân ta. En no sille wy itselde paad befarre."

Bauke Deelstra sjocht oan board fan de Korneliske Ykes II

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Trefwurden: 
Heech ielaak Londen ielfiskerij
(advertinsje)
(advertinsje)