Wim Stroetinga wint earste wedstriid nei skouderblessuere

Wim Stroetinga en Yoeri Havik hawwe de Zesdaagse fan Manchester op harren namme skreaun. De beide manlju wûnen de wedstriid, dy't nettsjinsteande de namme mar trije dagen duorre. It wie foar Stroetinga de earste wedstriid nei syn skouderblessuere.
© Omrop Fryslân
In lytse twa moannen lyn rekke it skouder fan Stroetinga út 'e kom by in fal. Yn Manchester gie it mei Stroetinga en Havik eltse dei in bytsje better. Nei de earste dei stie it duo tredde, nei de twadde dei twadde en úteinlik binne se as earste einige foar it duo Shane Archbold en Aaron Gate en it twatal Kenny De Ketele en Jules Hesters.
De folgjende wedstriid dy't Stroetinga en Havik ride, is de Zesdaagse yn it Australyske Brisbane. Dy set freed 12 april útein en ek dat is wer in Zesdaagse, dy't trije dagen duorret.