Kollum: "Bangeskytsje"

"Ik bin in bangeskytsje. Ik jou it mar earlik ta. Wy seine as bern altyd 'bange skiter', mar tsjintwurdich is it 'bangeskytsje'. In bangeskytsje is in weak aai, in suertsje by de boadskippen, in Sibbeltsje slop yn it krús. Ik dus.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Hoe komst hjir no wer sa by, hear ik jim tinken. No, dat sit sa. Ein april sille wy mei de bern in lang wykein fuort nei Slagharen. Eartiids hiet dat noch gewoan Ponypark Slagharen, mar it moat allegear hipper, dus it is no Attractie- & Vakantiepark Slagharen. Yn stee fan in ritsje op in Shetlander stapst no yn de Free Fall, gespest dy fêst yn de Gold Rush of litst dy katapultearje troch de Tomahawk.
"Nynke, wolsto dan mei my yn de achtbaan?" "En wolst mei my yn it pirateskip?" Wêr't de bern net wachtsje kinne, griist it my hieltyd mear oan. Ik ha in jier as wat lyn yn sa'n simpel teekopke sitten yn bernepark Koningin Julianatoren en doe draaide my de mage al om. Kinst neigean wat der yn sa'n pirateboat bart.
Dus ik hâld de boat letterlik en figuerlik út foarsoarch mar in bytsje ôf. En dat doch ik ûnder it mom fan: "Dêr bin ik te âld foar". Ik ha de bern útlein dat ast âlder wurdst, dat dyn mage dan hieltyd minder goed tsjin dat soart attraksjes kin. Mar doe't ik it juster útsocht op ynternet, die bliken datst hieltyd bétter oer achtbanen kinst ast âlder wurdst. Dus ik liich der yn om.
Ofrûne wike krige ik it bewiis fan dit leagentsje presintearre. Op freedtemiddei wiene wy tegearre te kuierjen yn de bosken fan Beetstersweach. Yn plak fan de standert boskpaden sochten wy de lytsere 'sluipdoor-kruipdoor'-paadsjes op. En sa kamen wy út by in brede sleat, mei dêr oerhinne in beamstam en yn it wetter stie in polsstok klear.
Wa't my in bytsje ken, wit dat polsstokspringe net foar my weilein is. Dus ik konsintrearre my op de evenwichtsbalke. It wie wat in tin beamstamke, moat ik sizze en der siet al sa'n moai glêd grien moaslaachje op. Ik woe my fansels net kenne litte, mar ik skiet sân kleuren. Ik ha twa stappen op it ding set en bin doe as in bangeskytsje werom krûpt. Uteinlik binne wy krekt sa lang omrûn oant wy in stikje sleat fûnen, dêr't wy beide oerhinne doarden te springen. Gjin evenwichtsbalke foar ús.
Oan de oare kant fan de sleat gong ús survivaltocht troch. Wy hipten oer beammen, sprongen oer groppen en wâden dwers troch de strûken. Wy fielden ús wiere survivalers. Oant wy in groepke santichplussers tsjinkamen. Dy stroffelen ek oer de groppen en de stobben en baanden harsels in paad op nei dy brede sleat. "Kunnen we daar oversteken?" frege de man dy't foarop rûn. "Ja hear", seine wy hiel stoer, "dêr leit in beam oer de sleat en der stiet in pols yn it wetter. Makje."
Dat slagget se fansels noait, gniisden wy doe't wy fierder kuieren. Mei it swit op it gebit kamen we in oerke letter werom by de auto. Wy fûnen sels dat wy wol in bierke op it terras fertsjinne hienen. En wa sieten dêr hearlik yn it sintsje oan in taffeltsje doe't wy it terras op kamen? Jawol, de fjouwer santichplussers. Gjin kletspoaten, gjin skrammen op 'e kop of ferwyldere tokken yn it hier.
Se laken nei ús. "Mooie route", sei ien fan de froulju op leeftiid. Wy namen ferbjustere in slok fan ús bierke. "Soene sy no echt?" frege ik. En doe wist ik genôch. Ik bin écht in bangeskytsje."