50PLUS Fryslân wiis mei sit yn Wetterskip Fryslân

25 mrt 2019 - 07:57

50PLUS Fryslân is wiis mei de sit yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân. Nei de wetterskipsferkiezingen ôfrûne woansdei like it efkes as soe 50PLUS as iennige partij gjin sit krije yn it bestjoer fan it wetterskip. Mar doe't de stimmen op 'e nij ferdield waarden, die dochs bliken dat ek 50PLUS in sit krijt. ChristenUnie rekket ien sit kwyt.

Wetterskip Fryslân bereint it eigen terrein ek net - Foto: Omrop Fryslân

Dizze stoel yn it bestjoer sil ynfolle wurde troch Jan Dogterom. Dogterom is gemikus en is al mei pensjoen, mar hat mear as 35 jier ûnderfining yn wettermanagement. Spearpunten fan 50PLUS binne de feilichheid fan de seediken, herfoarming fan de wetterskipsbelestingen en it tsjingean fan it sâlter wurden fan de grûn en ferdrûging yn de provinsje.

(advertinsje)
(advertinsje)