Sjauffeur sjocht rotonde oer de holle en belânet boppe-op ferheging

De sjauffeur fan in wyt buske dy't moandeitemoarn de rotonde oan de Ryksstrjitwei yn Dronryp oer de holle seach, belâne mei buske en al midden op de rotonde. De bestjoerder rekke net ferwûne.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It ûngelok barde op de rotonde oan de Ryksstrjitwei by Dronryp. Ferline jier wiene dêr ek al in oantal ûngelokken. De plysje hat it ferkear regele doe't it buske troch de berger fuortsleept waard.