Joyce Toscanini: "It Antillianebelied stimulearret etnysk profilearjen"

"It Antillianebelied fan de gemeente Ljouwert stimulearret etnysk profilearjen." Dat seit Joyce Toscanini, inisjatyfnimmer fan de demonstraasje moandeitemoarn tsjin it doelgroepbelied fan de gemeente. "Etnysk profilearjen is yn striid is mei de rjochten fan de minske. Boppedat doge de sifers net", fynt Toscanini.
De Emmakade yn Ljouwert © Omrop Fryslan, Sybren Terpstra
Yn Ljouwert wurdt moandei oan de ein fan de moarn demonstrearre tsjin it Antillianebelied fan de gemeente Ljouwert. De demonstraasje is opset troch ûnder oare aktiviste Joyce Toscanini en wurdt hâlden yn opmaat nei in spesjale Antillianengearkomste yn Ljouwert. Dy is opset troch de gemeente Ljouwert om te praten oer de problemen binnen de Antilliaanske mienskip. Yn de feilichheidsmonitor 2019-2023 skriuwt de gemeente dat der in 'Antillianeprobleem' is yn de stêd.

Yn petear

Joyce Toscanini leit út wêrom't der demonstrearre wurdt. "De oanlieding is dat wy besocht ha om yn petear te gean mei de gemeente om te soargjen dat der praat wurdt mei de Antiliaanske mienskip yn plak fan oer dizze doelgroep. Dêr waard posityf op reagearre, mar dêrnei wurdt der dochs besletten om in jûn foar allinnich 'genodigden' te organisearjen. Dat fine wy in miste kâns."
Yn it belied fan de gemeente Ljouwert wurdt sprutsen oer 'kansloze Antillianen', mar Toscanini fynt dat der just socht wurde moat nei de oarsaak en it gefolch fan dit probleem. "De demonstraasje is bedoeld foar alle besoarge boargers, net allinnich foar de Antilliaanske mienskip. Elkenien dy't him drok makket om diskriminaasje en him dêr hurd tsjin meitsje wol, is wolkom."
Joyce Toscanini oer de demonstraasje