Friezinne reizget nei Tsjernobyl: "Ik wist net dat de ramp no noch foar safolle problemen soarget"

25 mrt 2019 - 06:46

Hieltyd mear minsken reizgje ôf nei it gebiet rûnom Tsjernobyl yn it hjoeddeistige Oekraïne by wize fan fakânsje. De kearnramp fan Tsjernobyl wie in slim ûngelok mei ien fan de kearnreaktors fan de kearnsintrale Tsjernobyl. De 23-jierrige Freija Bouma fan Wâldsein giet der lykwols hinne om de gefolgen fan de ramp foar de lokale befolking fêst te lizzen.

Foto: ANP

It ûngelok mei ien fan de kearnreaktors fan de kearnsintrale Tsjernobyl barde op sneon 26 april 1986, tichtby it plak mei deselde namme, yn wat doe noch de Sovjet-Uny wie. Benammen yn Wyt-Ruslân, dêr't besmette gebieten noch hieltyd bewenne wurde, wurde minsken noch altyd siik.

Freija Bouma reizget mei fiif oare studinten fan har stúdzje Fotografy oan de fotofakskoalle yn Apeldoorn ôf nei Tsjernobyl. De groep wurket gear mei de stichting Kinderhulp Tsjernobylramp. Dy stichting besiket mear omtinken te kreëarjen foar it probleem en organisearret saneamde 'sûnensfakânsjes', wêrmei't Wyt-Russyske bern trije moannen nei Nederlân komme om by te kommen fan de strieling.

Noch nea fan heard

Minsken yn Nederlân witte faaks hielendal net dat de problemen fan de Tsjernobylramp - no hast 33 jier lyn - noch hieltyd spylje. Ek Freija stie der net sa by stil: "Foardat ik mei dit projekt yn oanrekking kaam, hie ik der earlik sein ek nea fan heard."

Foar de minsken dy't der yn de omjouwing wenje, is de strieling lykwols noch altyd gefaarlik. Dochs is Bouma sels net benaud dat har wat oerkomt. "As je net te lang bleatsteld binne oan de strieling, is der net safolle oan 'e hân. Ek ha we de hiele tiid goede begelieding", fertelt Bouma. Se bliuwt der yn totaal fiif dagen.

Freija oer har reis nei Tsjernobyl

Crowdfunding

Foar de reis binne Freija en har stúdzjegenoaten in crowdfundingsaksje begûn.

Trefwurden: 
Tsjernobyl Wyt-Ruslân reis
(Advertinsje)
(Advertinsje)