UNIS Flyers rom ûnderút yn twadde finalewedstriid yn Herentals

24 mrt 2019 - 22:16

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneintejûn it twadde finaleduel tsjin HYC Herentals ferlern. De ploech fan haadtrainer Mike Nason gie yn it Belgyske Herentals mei 5-2 ûnderút.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It ferlies betsjut dat UNIS Flyers noch twa wedstriden yn de best-of-five winne moat om de titel yn 'e BeNe-League te pakken. De perioadestannen fan it duel fan sneintejûn wiene 0-0, 3-0 en 2-2.

Spannend earste duel

Ofrûne freedtejûn waard nei in tige spannende wedstriid yn iisstadion Thialf nei penaltys noch mei 2-1 wûn fan Herentals.

Bliidskip by de winst ôfrûne wike. - Foto: Martin de Jong

De earste perioade gie sneintejûn fuortendaliks fluch fan start. Beide ploegen begûnen oanfallend en hiene in soad kânsen, mar it slagge net om de puck yn 'e goal te krijen. De stân wie dan ek 0-0 doe't de teams nei it earste skoft giene.

Njoggentich sekonden: trije goals

Yn de twadde perioade krige UNIS Flyers al nei fjouwer minuten in penalty, om't in ferdigener fan Herentals de puck mei syn hân út de goal hold. Ronald Wurm naam de penalty, mar it slagge net om te skoaren. Ek de twa grutte kânsen dy't in pear minuten letter kamen, soargen net foar in foarsprong.

Nei sechstjin minuten wie it Preston Shupe dy't de puck by Sjoerd Idsinga del spile en de 1-0 foar Herentals skoarde. Dêrmei wie de wedstriid los en inkelde sekonden letter al foel de 2-0 troch Vincent Morgan. Ek de 3-0 folge hjirnei frij rap troch Mitch Morgan.

Lêste perioade

Ek yn de tredde perioade krige UNIS Flyers nei fjouwer minuten in grutte kâns. No kaam Adam Bezak wol ta skoaren: 3-1. Nettsjinsteande ferskate kearen powerplay slagge it earst net om de skoare fierder út te wreidzjen. In doelpunt fan Yente Franssen foar Herentals betsjutte de 4-1.

Krekt foar tiid wie in aksje fan Trevor Hunt noch goed foar it twadde doelpunt fan de UNIS Flyers. Vincent Morgan makke yn de lêste sekonden dien wurk foar de ploech út Herentals: einstân 5-2.

Kommende woansdei 27 maart is de tredde finalewedstriid om 20.00 oere yn Thialf op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)