Brân yn Frjentsjer rap ûnder kontrôle, wol in soad skea

De brânwacht is snein oan it begjin fan de jûn útriden foar in brân yn Frjentsjer. Der wie in útslaande brân yn in wenning foar begelaat wenjen oan de Karveel yn 'e stêd.
© Srfotografie
De brânwacht hie it fjoer rap ûnder kontrôle en der wiene gjin minsken mear yn de wenning. Der waard noch wol in ambulânse oproppen. It is net bekend oft der ien ferwûne rekke is.
Der is wol in soad skea ûntstien as gefolch fan de brân. Stichting Salvage is oproppen om help te ferlienen.