Frou (28) slacht man yn Ljouwert mei kneppel it sikehûs yn

24 mrt 2019 - 19:06

De plysje yn Ljouwert hat snein oan de Perzikstrjitte in 28-jierrige frou oanhâlden foar it besykjen ta deaslach. Sy soe in dei earder in 30-jierrige man mei in kneppel slein hawwe.

Plysje logo - Foto: Omrop Fryslân

De man rekke dêrby ferwûne en moast fuortendaliks nei it sikehûs yn Ljouwert ferfierd wurde. De 28-jierrige frou sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert deaslach
(advertinsje)
(advertinsje)