Pankoekefoarstelling fan flechtling wurdt opfierd yn asylsikerssintra

24 mrt 2019 - 18:46

Wêr rinne je tsjinoan as je as asylsiker yn Nederlân telâne komme? Dy fraach stiet sintraal yn de foarstelling 'Pannekoeken uit Syrië', dy't snein spile waard op it azc yn Sint-Anne. Tsientallen bern, net allinne fan it sintrum mar ek út doarpen út de omjouwing, wiene derby. It stik, mei humor en in serieuze ûndertoan, sil yn hiel Nederlân opfierd wurde.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Pankoeken steane sintraal yn de foarstelling fan Nour Mardini, in flechtling út Syrië dy't yn 2016 in status krigen hat. Hy krijt Nederlanske les fan frou Jansen, spile troch dramadosint en produsint Astrid Goedknegt.

Bân

Nour fynt it dreech om de taal ûnder de knibbel te krijen, mar troch it bakken fan pankoeken wat hy ek kin fanút syn heitelân, ûntstiet der oan de ein fan it stik in bân tusken beide spilers en dus ek tusken beide lannen en kultueren.

''Het is een grappige voorstelling die kinderen leert over de verschillen en overeenkomsten tussen mensen", seit Nour.

Harkje nei de reportaazje fan ferslachjouwer Auke Zeldenrust

Foar Nour Mardini wie it optreden ekstra spesjaal. Hy hat as asylsiker ek yn it sintrum fan Sint-Anne sitten. Hy wie yn Syrië ek al akteur, muzikant en regisseur en wol dat yn Nederlân trochsette.

"Taal leren belangrijk"

"Het belangrijkste is dat je hier de taal leert, dat heb ik ook ervaren. Pas dan kun je verder en kun je net als ik een beroep uitoefenen. Dat is ook het verhaal van de voorstelling. Ik hoop dat de kinderen dat meenemen."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Trefwurden: 
Sint-Anne foarstelling AZC
(Advertinsje)
(Advertinsje)