Wapene strjitrôf troch minderjierrigen yn Ljouwert, plysje siket tsjûgen

24 mrt 2019 - 17:18

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in wapene strjitrôf sneontejûn op it Grienestjerpaad yn Ljouwert. Op in brechje by de krusing mei de Schierstins waard it slachtoffer op 'e fyts berôve, nei alle gedachten troch in wapene groep minderjierrige dieders.

Foto: ANP

It slachtoffer fytste yn 'e rjochting fan de Humaldestate doe't er in groep jonges efter him oan kaam. Op 'e brêge waard it slachtoffer ynsletten troch de groep. Hy moast ûnder driging fan meardere wapens guod ôfstean.

15 oant 16 jier âld

Neffens it slachtoffer giet it om meardere dieders fan 15 oant 16 jier âld. Ien fan har hat in donkere hûdskleur en hie in griene jas oan mei in grize broek. In oare dieder hie in blanke hûdskleur en klaaide him yn in swarte jas mei in blauwe trainingsbroek.

Minsken dy't mear witte oer de oerfal wurdt frege kontakt op te nimmen fia telefoannûmer 0900-8844 fan de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)