Ek it CDA beneamt ynformateur foar wetterskipsbestjoer

24 mrt 2019 - 16:21

It CDA set de bestjoersûnderhannelingen foar it wetterskip op skerp. De partij komt mei in eigen ynformateur en wol it foartou nimme by de ûnderhannelingen. Dat seit listlûker Bé de Winter.

Foto: Omrop Fryslân

Ein foarige wike waard it CDA noch útdage troch Water Natuurlijk Fryslân, dy't ynienen âld-boargemaster Germ Gerbrandy as ynformateur beneamd hiene.

CDA grutste partij

It CDA waard by de wetterskipsferkiezingen fan ôfrûne wike mei hast njoggentjin persint fan de stimmen de grutste partij. It is gebrûklik dat de winner fan de ferkiezingen de ûnderhannelingen begjint. Mar Water Natuurlijk Fryslân wurket gear mei de partij Geborgd Natuur en tegearre binne dy partijen it grutst.

Tieneke Clevering fan Water Natuurlijk Fryslân hat alle fertrouwen yn Gerbrandy: "Hy is in echte 'wetterman' en in goede bestjoerder. Hy is bekend mei it Fryske wetter".

Eigen ynformateur

It CDA hat gjin goed wurd oer foar it optreden fan Water Natuurlijk Fryslân en komt no sels mei in ynformateur. Wa't dat krekt is, wol De Winter noch net sizze. De partij wol dat moandeitejûn bekend meitsje.

(advertinsje)