Man ferwûne nei fal by motorcross yn Finkegea

24 mrt 2019 - 15:39

Yn in greide by Finkegea is sneintemiddei in man ferwûne rekke by it motorcrossen. De man naam diel oan it motorcrossevenemint dat dêr snein hâlden wurdt en foel dêrby fan syn motor.

Foto: CAMJO Media

It is net bekend hoe slim de man der krekt oan ta is. Hy is kontrolearre troch personiel fan de ambulânse. Neffens de organisaasje falt it ta en is de man net yn libbensgefaar.

Trefwurden: 
ferwûne Finkegea motorcross
(advertinsje)