"Kontenerramp is net de oarsaak fan stjerte skoeten yn kustgebieten"

De grutte oantallen skoeten, dy't begjin dit jier massaal oanspiele yn it Nederlânske kustgebiet, binne net as gefolch fan de kontenerramp mei de MSC Zoe om it libben kaam. Dat sei fûgelûndersiker Kees Camphuysen sneintemoarn yn it radioprogramma Vroege Vogels.
© NOS
Camphuysen is as ûndersiker belutsen by it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee. Hy tinkt net dat it mei it kontenerskip te krijen hat. "Wie even in de literatuur was gedoken, had gezien dat deze sterfte van de zeekoeten en andere zeevogels bepaald niet uitzonderlijk was", sa sei er.

Te min fretten of stoarmen

Neffens de ûndersiker komt it folle faker foar dat der massaal skoeten oanspiele. "Dat sterven gebeurt op wisselende momenten en plaatsen, en ja: ook wel eens massaal. Bijvoorbeeld door relatief voedselgebrek of door stormen, waardoor jongen van hun ouders gescheiden raken."
Undersikers yn Dútslân konkludearren begjin dizze moanne al dat de dêr oanspielde fûgels te min fetreserven hiene. De oarsaak fan de minne tastân fan de bisten wie lykwols net te ferklearjen.

Offisjeel rapport

Takom wike bringe ûndersikers fan Wageningen Marine Research en it Dutch Wildlife Health Center in offisjeel rapport út oer de deadsoarsaak fan de skoeten.