Jan Huitema: "Tradisjonele partijen moatte oan eigen ferhaal fêsthâlde"

24 mrt 2019 - 14:36

Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) makket him gjin soargen oer de útslach by de Europeeske ferkiezings. Nei de grutte winst fan Forum voor Democratie is de fraach oft de stimtrend op 23 maaie ek sa wêze sil. Neffens Huitema is it foar de 'tradisjonele' partijen en kandidaten saak om by harsels te bliuwen en oan it eigen ferhaal fêst te hâlden.

Immie Jonkman, Jan Huitema en Rendert Algra - Foto: Simone Scheffer

Jan Huitema en CDA-steatelid Rendert Algra oer de Europeeske ferkiezings

Neffens him helpt it net om te besykjen te feroarjen yn je kampanje om sa stimmen te lûken. De tema's by de Europeeske ferkiezings sille neffens him ek folle dúdliker foar it fuotljocht komme as by de provinsjale ferkiezings. De Brexit is ien fan dy tema's, mar ek migraasje en klimaat stean heech op de aginda by de ferkiezings foar it Europarlemint.

Ik bin der net sa bang foar. Je moatte gewoan dwaan wat je tinke dat goed is. Je eigen lûd moat autentyk bliuwe.

Jan Huitema

Ek CDA-steatelid Rendert Algra fynt dat partijen oan harren ferhaal fêsthâlde moatte en net tefolle fan miening feroarje moatte oer bepaalde saken. Dan ferfrjemdzje se harren kiezers fan de partij. Neffens him krije de tradisjonele partijen it dreech mei de Europeeske ferkiezings.

Yn it Nijsfoarum by Buro de Vries waard diskusjearre oer de útslach fan de provinsjale ferkiezings mei Immie Jonkman, Rendert Algra en Jan Huitema. It programma is fan 21.00 oere oant 23.00 oere werom te hearren op de radio of op ús webside.

(advertinsje)