Hângranaat fûn yn tún yn Ljouwert; ûnskealik makke troch eksplosivetsjinst

24 mrt 2019 - 12:50

De plysje is sneintemoarn om 9.30 oere hinne alarmearre troch in bewenner fan de Van Harenstraat yn Ljouwert, dy't in fertocht foarwerp yn syn tún oantroffen hie. It docht bliken dat it om in hângranaat giet. Om 12.00 oere hinne is de Explosieven Opruimingsdienst Defensie arrivearre foar ûndersyk.

Der is gjin direkt gefaar foar de omjouwing. De EOD hat de granaat fuortendaliks ûnskealik makke. It is noch net bekend hoe't de hângranaat yn de tún bedarre is. Dêr wurdt no ûndersyk nei dien.

(advertinsje)