HEA! De krystkeamer fan Ferwert
HEA! Krystkeamer yn Ferwert
De winter fynt Bert Woutersen de gesellichste tiid fan it jier. En dat kinne je ek sjen yn syn hûs, dat er omboud hat ta krystkeamer. Begjin novimber hellet er de doazen fan souder en oant en mei maart stiet it wintersk tafrieltsje te pronkjen yn de keamer.

HEA !
Hea! is in programma oer gewoane minsken mei in bysûnder of somtiden “hea-larysk” ferhaal. Hea! is te sjen op telefyzje fan moandei o/m freed om 17.20 oere.